Foar it lêst ynternasjonale dûnsgroepen by Boalserter Heamiel: "Dûbeld gefoel"

27 jun 2019 - 13:32

De ynternasjonale folkloristyske dûnsgroepen dy't al jierren meirinne yn de Heamieloptocht yn Boalsert, binne der dit jier foar it lêst. Belangrykste reden dat de organisaasje dermei ophâldt, is it gebrek oan genôch gastgesinnen. "Doe't ik in jier of wat ferlyn begûn, wiene der noch 60 gastgesinnen. No noch 25", seit foarsitter Bas Flapper.

Foar de 31e edysje fan it Ynternasjonaal Dûnsfestival komme de groepen út Yndonezië, Perû, Letlân, Poalen en Slowakije. Sy litte de ferskate kultueren en de fariearjende folkloare sjen oan de besikers. By de iepening fan de Boalserter Heamieldagen komme se dûnsjend mei de praalweinen troch de stêd. It dûnsfestival is in aparte organisaasje en stiet fierder los fan it Heamiel.

It tekoart oan gastgesinnen is net it iennige probleem, seit Flapper. "We sitte ek mei de bestjoersopfolging en we ha 25 man tekoart by de logistyk."

Kontakten lizze

Dat fan de gastgesinnen is wol it grutste probleem. "It festival ûntstiet en bestiet troch de útwikseling fan kultueren troch gastgesinnen. We binne gjin entertainmentbedriuw, we wolle kontakten lizze." En dêrfoar hat de organisaasje ferlet fan gastgesinnen, mar dêr is dus in tekoart oan. "We ha no skoallen en campings nedich om minsken ûnderdak te jaan. En we witte seker dat fan dy gastgesinnen in stik of tsien sizze: gelokkich dat it de lêste kear is, want we wolle der ek wolris mei ophâlde. Guon dogge al foar de 31e kear mei."

It docht Flapper sear dat it de lêste kear is, mar hy stiet efter it beslút. "It jout in dûbeld gefoel, mar we wolle it net ha dat we groepen kontraktearje dy't we úteinlik net ûnderbringe kinne. Op je hichtepunt ophâlde, sei ús heit froeger altiten. Dat dogge we ek."

(advertinsje)
(advertinsje)