Jouster Toer wie al lange tiid yn strieminne steat: "Der hiene deaden falle kind"

Neffens Stichting Behoud Rijksmonuminten wie de situaasje mei de Jouster Toer al jierren libbensgefaarlik. "Der hiene wol deaden falle kind", seit oannimmer Hugo Landman sels. Sûnt novimber mist de spits fan de fertutearze toer en der is net genôch jild foar in nijen ien. Yntusken leit de toer yn stikjes yn in loads yn Snits. De spits fan it monumint kin net mear makke wurde.
Jouster Toer nij
Stichting Behoud Rijksmonuminten Fryske Marren hat de toer 2,5 jier ferlyn oernaam fan de gemeente. Dat de toer der sa min oan ta wie, waard doe net ferteld. Neffens de stifting wist de gemeente it sels ek net. De stifting fertroude de feilichheid net en in ynspeksje ein ferline jier wiisde út dat de situaasje gefaarlik wie. Hoe gefaarlik krekt, dêroer binne de partijen it net mei-inoar iens.
Je sille it mar op de holle krije. Dan is it hiele ferhaal ôfrûn.
Oannimmer Hugo Landman
Neffens oannimmer Hugo Landman wie it libbensgefaarlik en hiene der wol deaden falle kind. "De haadkonstruksje is sa bot oantaast troch de bûnte kjifkrobbe, dat it net ferantwurde is dat dy noch op de toer stiet. Je kinne ek wachtsje oant de spits derôf waait en dan hawwe je in hiel soad ellinde. It hiele gewicht is fiif ton. Je sille it mar op de holle krije. Dan is it hiele ferhaal ôfrûn." Neffens Landman hat it in ferstannich beslút west om de spits derôf te heljen, mar hie it folle earder moatten.

Gemeente: it wie net libbensgefaarlik

Ferantwurdlik wethâlder Roel de Jong fynt dat dat Landman oerdriuwt. "We ha konstatearre dat it sa net fierder koe, mar de term libbensgefaarlik giet ús fierstente fier." Hy is it der wol mei iens dat der wat gebeure moast. "We woene ek net dat it gefaarliker wurde soe. Dus it is goed dat de stifting yngrepen hat en de boppekant derôf helle hat. Mar sa't it ferhaal no ferteld wurdt, oerdriuwt de werklike tastân."

"Gemeente hie it net yn de gaten"

Jelle Belksma, foarsitter fan Stichting Behoud Rijksmonumenten yn De Fryske Marren is derfan oertsjûge dat de gemeente net wist hoe gefaarlik oft it wie. "Dy hiene it krekt as ús net yn de gaten." De monumintewacht fan Ljouwert docht periodike ynspeksjes en hie in rapport makke. "Dêr stie yn dat se de boppeste lagen net ynspektearje koene, wierskynlik fanwege feiligensredens. Dat hiene se allinnich fan ôfstân dien." Dus net alles is goed ynspektearre. "We hiene allegear de oertsjûging dat it wol tafoel, dat de toer der wol goed út seach."

Nije toer kostet 285.000 euro

No docht bliken dat de toer net te restaurearjen is. Der moat in nije toer makke wurde en dat kostet 285.000 euro. "De gemeenteried moat in beslút nimme oer in bydrage", seit Belksma. "Mar dat giet oer 200.000 euro en dat is net genôch."
Oannimmer Hugo Landman en Jelle Belksma fan Stichting BRM
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De stifting wol dy kosten net op har nimme. Neffens de foarsitter fan de stifting is it achterstallich ûnderhâld net yn de ôfrûne 2,5 jier ûntstien en dus moat de gemeente alle kosten betelje. "As in eigener in gebou ferkeapet, is it by wet ferplicht dat dat gebou yn feilige steat is. Dat wie hjir net sa. En dêrom wolle wy dat de gemeente it hielendal betellet."

Gemeente betellet earst in diel

Dizze wike sil der oerlis wêze mei de gemeente. Wethâlder De Jong wol earst noch net sizze dat se it folsleine bedrach betelje. "We ha ôfpraat dat wy earst in diel betelje. De stifting hat sels ek middelen om de rekken te beteljen. Dat moat ek, want sy binne de eigener fan de toer. Mar we ha wol sein dat we it petear wer oangean as de stifting yn finansjele problemen komt. Yn dy sin is it jammer dat de stifting no al oan de bel lûkt, noch foardat se witte wat de situaasje is", seit De Jong.
Wethâlder Roel de Jong
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De toer leit op dit stuit yn stikjes by boubedriuw Jurriëns Noord yn Snits. Projektlieder Hugo Landman wit alles fan de toer. Neffens him is fan de restanten fan de spits neat mear op 'e nij te brûken.
Neimeitsje is ek net te dwaan, want de houtmaten út de tiid fan de toer binne hiel oars as no. Je kinne net samar nei de Gamma foar nije ûnderdielen, seit Landman.