Deibesteging en Steatsboskbehear berikke oerienkomst oer kiosk Spokeplas

De kiosk by de Spokeplas by Noardwâlde giet wer iepen. It winkeltsje wie de ôfrûne jierren ticht. Steatsboskbehear, Dagbesteding Spokedam en de gemeente Weststellingwerf sette harren tegearre yn foar it op 'e nij iepenjen fan de kiosk.
© Omrop Fryslân
Deibesteging Spokedam fersoarge earder it opromjen fan it ôffal en it skjinmeitsjen fan de húskes. De oerienkomst waard lykwols opsein, omdat Steatsboskbehear net in mearjierrich kontrakt oangean woe. De ynwenners en de ûndernimmers fan Noardwâlde seagen no graach dat de kiosk wer iepene wurde soe foar publyk.
De kiosk sil iepen gean op sinneskyndagen. De meiwurkers fan de deibesteging sille dan broadsjes, iis en drinken ferkeapje. Ek hâlde se de omjouwing fan de Spokeplas kreas en himmelje se de húskes.

Steatsboskbehear ôfhâldend

De oerienkomst waard ôfrûne woansdei oangien en jildt in jier. De deibesteging hie leaver sjoen dat dizze oerienkomst der earder kaam wie, mar Steatsboskbehear hold de boat ôf. Dy hope lange tiid dat de kiosk ûnder oare betingsten ferkocht wurde koe.
Dêrom is der no tiid tekoart foar bygelyks it ynrjochtsjen fan de keuken. Dat betsjut dat der gjin snacks ferkocht wurde sille, mar wol fris en snobbersguod.

Gearwurking

De gemeente draacht ek finansjeel by. Wethâlder Theun Hoen is wiis mei it resultaat. "Er zijn meerdere gesprekken gevoerd en we zijn samen tot een mooie oplossing gekomen. Onze inwoners en toeristen kunnen deze zomer weer prettig genieten aan de Spokeplas."
Hoen wol ek graach dat der wer boarterstastellen komme, no't de ôfkarde tastellen op it eilantsje opromme binne troch Steatsboskbehear. Oft dy winsk werklikheid wurde sil, is ôfwachtsjen. Kommend neijier wurdt de balâns opmakke en wurdt dúdlik oft de gearwurking yn 2020 in ferfolch krijt.