Lanlik sintrum sammelet tenei ynfo oer ikeprosesjerûp

It Kennis- en Adviescentrum Dierplagen (KAD) yn Wageningen sammelet fan tongersdei ôf alle ynformaasje oer it foarkommen en bestriden fan de ikeprosesjerûp. Yn Fryslân spilet it probleem mei de rûp benammen yn it súdeasten fan de provinsje en yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân
It KAD wurdt it lanlike ynformaasjesintrum foar elkenien dy't te krijen hat mei it bestriden fan de rûp. Dat hat natuerminister Carola Schouten besletten nei Keamerfragen earder dizze wike.

Trije kear safolle as ferline jier

De oerlêst fan de ikeprosesjerûp is dit jier grutter as oars. Neffens ûndersikers binne der trije kear safolle rûpen as foarich jier. De brânhierren fan de rûp kinne slimme sûnensklachten by minsken en bisten feroarsaakje. Omdat der safolle rûpen en nêsten binne, kinne bestriders it wurk net oan.
Minister Schouten komt mei it lanlike ynformaasjesintrum temjitte oan de winsk fan rûpsaakkundigen. Sy woene al langer dat de oanpak fan de rûp koördinearre wurdt.