Achtkarspelen tilt fytsrûtes yn de gemeente nei heger nivo

Fytsers yn de gemeente Achtkarspelen kinne tenei op alve plakken yn de doarpen mear te witten komme oer de kultuerhistoarje fan dy plakken. De gemeente, Stichting Oud-Achtkarspelen en Stichting Keunstkrite hawwe ynformaasjebuorden pleatst. Ek is der in digitale rûte te folgjen mei augmented reality.
© Gemeente Achtkarspelen
Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie yn Achtkarspelen
Yn 2013 ûntwikkele Achtkarspelen trije nije fytsrûtes. De rûtes, fan likernôch 30 kilometer, gean by ryksmonuminten, keunstwurken en oar kultureel erfgoed yn de Noardlike Fryske Wâlden del. Al dy fytsrûtes yn de gemeente binne bondele yn in fytsboekje.

App

Sûnt foarich jier is it ek mooglik om de trije ôfstannen fia de app izi.travel te fytsen. Mei behelp fan de app krijst op ferskate punten yn de rûtes ynformaasje oer dat plak. Sa krijst âlde foto's te sjen, hearst Fryske gedichten en folksferhalen en komst alles te witten oer it lânskip.
Op de buorden dy't sûnt koart by de fytsrûtes stean, stean gedichten en ynformaasje oer de ferdwûne histoarje fan Achtkarspelen. De gedichten binne makke troch (âld-)ynwenners fan de gemeente. By elk doarp yn de gemeente is fia de snoadfoan wat te belibjen.
Bauke Deelstra prate mei minsken oer de nije fytsrûte