UPDATE: Brêge by Koarnwertersân docht it wer

De steuring yn de brêge by Koarnwertersân is langomlet foarby. Sûnt woansdeitejûn wiene der problemen. It ferkear stie dêrtroch ek fêst op de Ofslútdyk. It ferkear moast oer ien rydstrook ride.
© CAMJO media / Stefan Postema
It probleem siet him yn de draaibrêge by Koarnwertersân. Dy woe net hielendal ticht troch in kompjûterprobleem. Rykswettersteat besocht al sûnt woansdeitejûn om de steuring te ferhelpen. Tongersdeitemiddei slagge dat einlik. Neffens in wurdfierder gie it om in defekt yn it magneet-deteksje systeem fan de brêge. Dêr ha earder noch gjin problemen mei west.