Gemeente Ljouwert wol gniisgas op eveneminten fan 2020 ôf ferbiede

27 jun 2019 - 10:05

De gemeente Ljouwert is fan plan de ferkeap fan gniisgas mei yngong fan 1 jannewaris 2020 te ferbieden op eveneminten. Dat seit it kolleezje fan b&w nei fragen fan de VVD en it CDA yn de gemeenteried. It gebrûk fan gniisgas yn de hoareka bliuwt foarearst tastien.

Gemeente Ljouwert wol gniisgas ferbiede

De gemeente Ljouwert gie op 4 maart yn petear mei hoareka-ûndernimmers yn it útgeansgebiet yn Ljouwert oer de ferkeap fan gniisgas en de regels dêr't se oan foldwaan moatte. Ek hat de gemeente harren derop wiisd dat sy as ferkeapers de earste ferantwurdlikens hawwe foar feilich gebrûk fan it gas.

Foto: Omrop Fryslân

Gniisgas fan de 'ballonneboer' moat op dit stuit foldwaan oan keurmerken en sertifikaten. De ferkeaper kin dêrmei oantoane wêr't it gniisgas wei komt en sa hat er in offisjele gasanalyze om sjen te litten hokker wearden der yn syn gas sitte.

Dêrneist moat de ferkeaper ynskreaun wêze by de Keamer fan Keaphannel of de goede NVWA-artikels hawwe. De NVWA (Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit) sjocht derop ta dat gniisgashannelers harren hâlde oan de wet.

Lanlike ûntwikkelingen

De gemeente wachtet no op de lanlike ûntwikkelingen op it gebiet fan gniisgas. Dêrnei sil in nije strategy opsteld wurde

(Advertinsje)
(Advertinsje)