Smook- en stookferbod op It Amelân

Yn de bosken en op natoerterreinen op It Amelân jildt wer in smook- en stookferbod. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besletten nei oanlieding fan de oanhâldende drûchte.
Smook- en stookferbod op It Amelân
It ferbod hâldt yn datst op tritich meter fan in kwetsber gebiet gjin fjoer brûke meist. Kwetsbere gebieten binne bosken, heide-, fean- en dúngebieten.

Oant 24 july

It ferbod jildt yn alle gefallen oant 24 july. Ofhinklik fan de waarsomstannichheden kin de datum wizige wurde.
Ferline jier wie der ek sa'n ferbod op de waadeilannen. Doe wie it ekstreem drûch.