Metaal- en technyksektor staakt freed foar in bettere CAO

27 jun 2019 - 08:58

Wurknimmers yn de metaal- en technyksektor sille freed 28 juny stake foar in bettere CAO. Oer it hiele lân lizze ûnder oaren ynstallateurs, metaalbewurkers en monteurs 24 oeren lang harren wurk del. Yn Fryslân wurdt de stakingsdei by De Fabriek yn Ljouwert hâlden.

Staking yn de metaalsektor - Foto: Pieta de Vries

Begjin dit jier wiene der ek al ferskate stakingen troch it hiele lân. Reden is dat de wurkjouwers út de metaal en technyk net yngien binne op de easken fan de fakbûnen. Dy woene ûnder mear fiif persint leansferheging en in generaasjepakt as rjocht.

Oare ûnderwerpen foar de CAO binne in bettere balâns tusken wurk en privee; ôfskaffing fan jeugdskalen en konkrete maatregels foar duorsume ynsetberens.

Bettere ôfspraken foar jong en âld

Dêrnjonken moatte jonge wurknimmers in better perspektyf krije op fêst wurk, mei ûntwikkelingsmooglikheden, goede begelieding en fatsoenlike arbeidsbetingsten. Nettsjinsteande it grutte tekoart oan kwalifisearre technysk personiel, krije jonge wurknimmers flekskontrakten en ferlitte se dêrtroch earder de sektor.

Aldere wurknimmers moatte troch konkrete en hurde ôfspraken sûner en mear motivearre harren pensioenleeftyd helje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)