Kollum: "Digitale Clusterfuck"

27 jun 2019 - 08:25

"Moandeitemiddei siet ik yn 'e Amsterdamske metro, doe't ik in nuver piiplûd hearde. Ik hearde it twa kear, en de earste kear tocht ik dat der miskien immen yn 'e tichtgeande doaren foar in sensor stie of sa. Koart dêrnei hearde ik it noch in kear, mar doe rieden we al. Ik seach minsken wat ergere op harren telefoan sjen. O wachtsje, dit liket wol in NL-Alert, snapte ik ynienen. Mar op myn telefoan wie neat te sjen. Elkenien prate en appte gewoan troch, en de metro stoppe ek net, dus it sil wol.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Doe't ik útstapte, seach ik dat der in lanlike steuring wie by KPN. Ik lies dat yn 'e NOS-app fia in KPN-ferbining. Op Twitter, fia deselde ferbining, seach ik screenshots fan de NL-Alert, dy't ik dus net krigen hie. Ik kaam ta de konklúzje dat ik dus net belje koe, mar dat wie ik ek net fan plan, mar wol ynternette, wat ik al fan plan wie, en dat de konsekwinsje fan dizze situaasje wie dat ik gjin NL-Alerts krij op myn telefoan. Dit like my in oersichtlike situaasje, en ik gie fierder wêr't ik mei dwaande wie.

Ferline wike koe ik ynienen net pinne by myn supermerk. We moasten mei cash betelje by de kassa's. Dat ha ik altyd wol by my, sadat ik yn alle gefallen fierder gean kin mei wêr't ik mei dwaande bin. Tiisdei diene de kassa's by de Appie it hielendal net, mar ik hie genôch yn hûs. De mûs fan myn kompjûter die it ek net trouwens, mar nei in koarte ynspeksje sette ik in knopke om en koe fierder wêr't ik mei dwaande wie.

Doe hie myn kompjûter ûnferwachts gjin lûd mear. Wat ik ek besocht ôf te spyljen, der kaam gjin lûd út de speakers. Ik starte myn kompjûter opnij op, en alles die it wer. As ik moarns de e-mail iepenje, betsjut dat earst alle digitale troep opromje, foardat ik oan it wurk kin. Fia PayPal hat ien my wat betelle. Ik wol dat jild graach oermeitsje nei myn bankrekken, mar PayPal kriget it net foar inoar om myn PayPal-nûmer te keppeljen oan myn bankrekken. De buorlju ha in nije ynternetferbining besteld by Ziggo, mar dy is op myn namme telâne kommen. En no krij ik alle dagen mail oer hoe tankber Ziggo is om my as nije klant te hawwen. Yn Amsterdam krige in ynwenster in rekken fan 'e gemeente foar in hûs dat net fan har is.

Ik ha in skeal dy't in bluetoothferbining meitsje kin. In smartskeal. Like my wol aardich om in grafykje yn in app te hawwen oer hoe't it mei myn gewicht giet. De app docht it allinnich as ik de gegevens ek nei de fabrikant fan it ding stjoer fia it ynternet. It nut dêrfan ûntgiet my, en it aardige fan it grafykje weaget net op tsjin it trochstjoeren fan sokke priveegegevens oan in fierder ûnbekende fabrikant, dus myn smartskeal is no gewoan in domme skeal, en ik gean fierder wêr't ik mei dwaande wie.

Der stiet in filmke op it Twitter-akkount 'internet of shit' - in namme dy't in fariant is op 'internet of things', in mear akkurate - wêryn't in robotearm op in mûsknop drukt, en dêrmei it bekende identifikaasjeknopke oanklikt op websites, wêr't by stiet 'I'm not a robot'. Dêrnei pakt de robotearm, hiel cool, in sinnebril op.

De minister waard al ta ferantwurding roppen oer de steuring fan it neednûmer 112. Mar persoanlik tink ik dat we gewoan ris ús ferwachtingen fan de digitale wrâld bystelle moatte. Dy wrâld is net idealer of betrouberder as de echte. Wy, echte minsken, witte dit al lang en gean gewoan fierder mei wêr't we mei dwaande wiene.

Begryp my net ferkeard, it is net bêst dat it neednûmer ûnberikber is. Ik hoopje dat der gjin persoanlike trageedzjes west hawwe. We kinne dagen spekulearje oer oft it in komplot wie dat it tipnûmer fan 'e Telegraaf trochstjoerd is mei in NL-Alert as it nije neednûmer. We kinne ek Ocean's Eleven-eftige situaasjes betinke, wêryn't de grutste kreak aller tiden setten is, trochdat it nûmer om 'e plysje te beljen tydlik ûnberikber wie. Ministers, direkteuren, keamerfragen, ferbjustering, protokollen, rampdraaiboeken, backup-systemen, alles!

Mar de kâns is it grutst dat dit gewoan in digitale clusterfuck wie, en foar ien kear wie it no ris net in mûs dy't it net die. En wy giene gewoan fierder wêr't we mei dwaande wiene."

(advertinsje)
(advertinsje)