Wergeaster doarpsenkête makket in soad los

27 jun 2019 - 08:00

Op in enkête organisearre troch in tal ynwenners fan Wergea reagearre leafst 67 persint fan de Wergeasters. Dêrtroch kamen der in protte fragen en antwurden boppe wetter, bygelyks oer it wenjen yn Wergea. Dit die woansdei bliken by in gearkomste fan Perspektyf Wergea, de trochstart fan Pleatslik Belang.

De gearkomste fan Perspektyf Wergea ôfrûne woansdei - Foto: Omrop Fryslân

"Wy ha in hiel soad minsken ree fûn om de enkête doar oan doar te bringen by minsken. Dus oanbelje en echt jaan", seit Rinie Boermans út de wurkgroep Perspektyf Wergea. Dêrom ha der neffens har ek sa'n protte minsken op reagearre.

De enkête wie foar de groep in manier om te sjen wêr't it doarp krekt ferlet fan hat. Der wurdt oer neitocht om bygelyks as doarp in flat oer te nimmen om sa húsfesting foar starters, âlderein en minsken yn skieding te kreëarjen. Mar oft dy behoefte der ek echt is, moat dizze enkête útwize.

Iepenbier ferfier en senioaregymnastyk

De resultaten wurde pas yn novimber ferwachte, mar der binne al in pear saken dúdlik. Neffens de Wergeasters dy't reagearre ha op de enkête, moat der better iepenbier ferfier en senioaregymnastyk ûnder begelieding komme. Dêrneist ha 129 minsken harren melden dy't in talint ha en wol wat foar it doarp betsjutte wolle.

Wergeasters Paula Wobbes en Rinie Boermans oer de enkête

Sûnt 2016 wie it Pleatslik Belang fan Wergea al dwaande mei it sykjen fan nije bestjoersleden. Dat slagge net en dêrtroch is de organisaasje ophâlden. It oprjochtsjen fan Perspektyf wie dêrom ek wichtich foar it doarp. It grutste ferskil mei Perspektyf is dat se harsels net in bestjoer nimme, mar it formeel eins wol binne.

"Dit is de ienichste manier om it fol te hâlden"

"Wy binne der mear foar de gesellichheid en dat Wergea libjen bliuwt. Dat elts meidocht", seit Wergeaster Paula Wobbes. "En dit is de iennichste manier om it fol te hâlden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)