Nij toetsingskader hotels Harns: "We trekken een grens en dat lijkt ons redelijk"

27 jun 2019 - 07:36

Wa't yn Harns in lytsskalige oernachtingsmooglikheid begjinne wol, moat foarearst efkes geduld hawwe. Foardat nije oanfragen behannele wurde, wol de gemeente earst nij belied fêststelle. Om 'het evenwicht tussen het ondernemingsklimaat en de leefbaarheid van Harlingen te borgen', leit de gemeente út.

It gemeentehûs fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dy ferklearring docht it lykjen asoft dat lykwicht der net mear is. Dat befêstiget ferantwurdlik wethâlder Hein Kuiken. "De laatste maanden is er echt een toename van het aantal aanvragen voor dit soort voorzieningen. Wat wij elke keer doen, is individueel kijken of zoiets past in de stad. Maar waar we eigenlijk niet naar kijken, is wat dat doet met het woon- en leefklimaat van onze stad." Dêr wol de gemeente mear ûndersyk nei dwaan.

Hieltyd mear gewoane huzen wurde brûkt foar de rekreaasje. "Dat doet natuurlijk wel iets met het karakter van je stad. Daarom willen we er meer verdieping in aanbrengen, voordat we nieuwe aanvragen behandelen", fertelt Kuiken.

Wethâlder Hein Kuiken

Dat beslút sil ek gefolgen hawwe foar minsken dy't in hûs keapje wolle yn Harns. "In Harlingen ervaren we al enige krapte op de woningmarkt. Deze ontwikkeling draagt daar in steeds grotere mate aan bij."

Der komt in ynventarisaasje fan alle besteande lytsskalige sliepplakoanbieders. Dat ymplisearret dat de gemeente gjin idee hat hoefolle it der binne. "We hebben er natuurlijk wel gegevens van. Maar dat is allemaal op papier. We komen ook steeds vaker tegen dat mensen zonder toestemming van de gemeente zo'n voorziening in een pand." Dat komt dan oan it ljocht troch bygelyks buorlju dy't klage hawwe.

'Nieuw toetsingskader'

De oanfragen dy't der no lizze, sille noch wol behannele wurde. "Afgelopen dinsdag heeft het college dit besluit genomen. Alle aanvragen die er nu liggen, nemen we nog in behandeling. Maar vanaf nu niet meer. We trekken een grens en dat lijkt ons redelijk. We hopen dat dat nieuwe beleid na de zomer klaar is. Dan kunnen we met een nieuw toetsingskader aanvragen in behandeling nemen."

Trefwurden: 
Harns gemeente fergunning hotel
(Advertinsje)
(Advertinsje)