Junior Wietse Nauta troevet alle topklassers ôf yn Bûtenpost

Twaddejiers junior Wietse Nauta hat woansdeitejûn foar in grutte ferrassing soarge by it fierljeppen yn Bûtenpost. Mei syn winnende sprong fan 19.19 meter ljepte er net allinnich in persoanlik rekôr, mar kaam er ek fierder as alle topklassers.
Bûtenpost fierljeppen Wietse Nauta
Nauta pakte dêrmei syn njoggende oerwinning yn njoggen wedstriden. Ferline jier pakte hy as earstejiers junior op it FK yn Winsum ferrassend de Fryske titel. Jos Bethlehem waard yn Bûtenpost twadde by de junioaren (17.18 meter) en Abe-Luuk Stedehouder enige as tredde (16.80 meter).

Topklasse

It âlde rekôr fan Nauta stie op 19.03 meter, mar sels safier kamen de topklassers net yn Bûtenpost. Sy ljepten de swakste ôfstannen fan it seizoen oant no ta. Klassemintslieder Ysbrand Galama wûn mei in sprong 18.87 meter, folge troch Freark Kramer op it twadde plak mei 18.83 meter en Nard Brandsma as tredde mei 17.90 meter.
Fierljeppen Ysbrand Galama
Topklasser Jan Teade Nauta einige in Bûtenpost op it fjirde plak mei in sprong fan 17.76 meter. Hy helle lykwols ek in nat pak mei in opmerklike kaprioal.
Bûtenpost fierljeppen salto

Froulju

By de froulju gie de winst nei Marrit van der Wal. Sy ljepte in ôfstân fan 14.82 meter en kaam dêrmei hast in meter fierder as Marije Reitsma, dy't as twadde einige (13.83). Sigrid Bokma waard tredde (13.59).

Jonges

Wytse Steensma pakte de winst by de jonges mei in nij persoanlik rekôr. Syn earste en iennichste sprong, foardat er blessearre it dielnimmersfjild ferlitte moast, kaam op 16.44 meter. Hy ljepte dêrmei krekt in sintimeter fierder as de nûmer twa Riemer Durk Krol (16.43), folge op it tredde plak mei nochris in sintimeter ferskil troch Peter Faber (16.42).

Famkes

De winst by de famkes wie foar Femke Rispens, dy't in ôfstân fan 13.43 meter delsette. Op it twadde plak folge Tirza Boschma (13.10) en as tredde einige Hanneke Westert (13.04).