SC Hearrenfean wint mei 8-0 fan regioteam Aldegea yn earste oefenwedstriid

26 jun 2019 - 22:03

SC Hearrenfean hat woansdei yn de earste oefenwedstriid mar leafst mei 8-0 wûn fan it regioteam Gaasterland. De ploegen spilen tsjin inoar op sportpark 't Wâldstreffen yn Aldegea (DFM). De Feansters koene yn de earste helte wol 7 doelpunten meitsje. Mar doe't trainer Johnny Jansen de opstelling feroare yn de rêst, hold it ek hast op mei de goals.

It duorre mar tsien minuten foar't Ben Rienstra de 1-0 binnenkopte, nei in skot fan Jens Odgaard, Wer goed tsien minuten letter stie it al 3-0 troch doelpunten fan Arjen van der Heide en op 'e nij Ben Rienstra. It wie net de lêste kear foar Rienstra, want hy makke ek de folgjende goal. Van der Heide giet foar in twadde doelpunt en makke de 5-0.

Nei goed 33 minuten makke Jens Odgaard sels ek in goal, nei in foarset fan Hicham Faik. En foar de rêst slagge it Odgaard sels om de 7-0 te meitsjen.

Twadde helte muoisumer

Yn it skoft tusken beide helten hat trainer Johnny Jansen de opstelling feroare. Yn de twadde helte duorre it langer foar't der in doelpunt kaam. Michel Vlap wie wol in pear kear ticht by in raak skot. Ek in skot fan Jizz Hornkamp wie hast raak, mar gie krekt oer it net. Pas tsien minuten foar de ein fan de wedstriid waard der noch in doelpunt makke, ditkear troch Emil Frederiksen.

Dermei einige de wedstriid yn 8-0 foar SC Hearrenfean.

Opstelling Hearrenfean

Foar de rêst: Warner Hahn, Lucas Woudenberg, Andreas Skovgaard, Daniel Høegh, Sherel Floranus, Jordy Bruijn, Hicham Faik, Ben Rienstra, Arjen van Der Heide, Jens Odgaard, Mitchell van Bergen

Nei de rêst: Filip Bednarek, Marcello Beuker, Ibrahim Dresevic, Vanja Drkusic, Hamdi Akujobi, Rodney Kongolo, Westra, Michel Vlap, Nemanja Mihajlovic, Jizz Hornkamp, Emil Frederiksen

(advertinsje)
(advertinsje)