Prinses Margriet is nochris by sylkamp foar bern mei kanker yn De Feanhoop

26 jun 2019 - 21:05

Prinses Margriet hat woansdei yn De Feanhoop foar de twadde kear in besite brocht oan it sylkamp Zomerzotheid. Dat kamp is spesjaal bedoeld foar bern fan 10 oant 16 jier mei kanker. It kamp makket diel út fan de stifting Kinderoncologische Vakantiekampen en is fergees foar bern en jongerein. Prinses Margriet is de beskermfrou fan dizze stifting.

Foto: ANP

Oan de sylwike op De Feanhoop dogge 40 bern mei, ûnder it begelieden fan 30 frijwilligers. Der is in eigen medysk team. Dêrtroch kinne ek bern dy't mear fersoarging of begelieding nedich hawwe meidwaan. It tema wie dit jier: 'It's a kind of magic!'

De stifting organisearret sûnt 1986 fakânsjes en aktiviteiten foar bern mei kanker. Elts jier is der in útstapke foar hûnderten pasjinten en harren famylje en fiif fakânsjekampen fan in wike. Yn 2018 wie prinses Margriet ek al op De Feanhoop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)