UPDATE: Stikkene brêge by Koarnwertersân, ferkear Ofslútdyk no oer ien weihelte

26 jun 2019 - 21:35

Der sit wer wat beweging yn de file op de Ofslútdyk. Fanwege in steuring oan de draaibrêge by Koarnwertersân stie it ferkear fan Noard-Hollân rjochting Fryslân dêr woansdeitejûn sa'n oardel oere fêst. It ferkear wurdt no oer de oare weihelte laat. Sa is der foar beide rjochtingen mar ien rydstrook beskikber.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

De draaibrêge by Koarnwertersân wol net hielendal ticht. Rykswettersteat besiket it probleem te ferhelpen.

Omride fia A6?

Ferkear dat omride wol fia de polder komt ek net fier, want de A6 is tusken Emmeloord en De Lemmer ôfsletten. By Bant is earder op de dei in frachtwein mei akrylsoer, in gefaarlike bitende stof, kantele. Fanwege bergingswurk en it oerheveljen fan it akrylsoer yn in oare frachtwein bliuwt it stik dyk nei alle gedachten noch oant 01.00 oere ticht, meldt de brânwacht.

Trefwurden: 
brêge Koarnwertersân
(Advertinsje)
(Advertinsje)