Mearderheid opposysje yn Steaten nimt nij koälysje-akkoart 'foar kundskip' oan

26 jun 2019 - 20:05

It nije koälysje-akkoart fan CDA, VVD, FNP en PvdA is te algemien, te ûndúdlik en fol kompromissen. Dat sei fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan de ChristenUnie by it debat yn de Steaten oer it akkoart. Ek oare opposysjepartijen wiene kritysk oer de plannen dy't de partijen de kommende fjouwer jier mei Fryslân ha.

Alle opposysjepartijen, útsein 50Plus, nimme it akkoart dan ek foar kundskip oan. Se wolle de hannen frijhâlde om de kommende jierren opposysje te fieren. Vice-foarsitter Albert van Dijk fan Forum voor Democratie stelt dat ynhâld en idealen net wichtich binne foar de kolleezjepartijen, mar it behâld fan macht. Hy fynt it akkoart te abstrakt. "Ik fyn it gewoan in tekoartsjitten", seit Van Dijk.

Albert van Dijk fan Forum voor Democratie

Foto: Omrop Fryslân

It koälysje-akkoart is net konkreet genôch, fynt Wiebo de Vries fan ChristenUnie. Hy neamt derby as foarbyld de leefberheid. "Dêr steane in oantal resultaten beneamd, dêr kinne je alle kanten mei op. Draacht it dan echt by oan dy leefberheid?", freget hy him ôf.

Wiebo de Vries fan ChristenUnie

Neffens Romke de Jong fan D66 is it koälysje-akkoart wat dûbeld. "Wy twivelje oft it glês no heal fol of heal leech is. It sit fol mei goede plannen en ideeën, mar wy misse de konkrete útwurking."

Romke de Jong fan D66

Nije deputearren

Sander de Rouwe en Sietske Poepjes (CDA), Johannes Kramer (FNP), Avine Fokkens (VVD) en Douwe Hoogland (PvdA) binne woansdeitejûn keazen as deputearren. Dêrmei ferlitte se de bankjes fan Provinsjale Steaten.

Anne Schelhaas en Anton Meijerman (CDA), Wopke Veenstra (FNP), Esther de Vrij (VVD) en Anne Zijlstra (PvdA) nimme harren plakken yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)