Bliuwt de 'Alde Omkromte' op 'e Jouwer iepenbier of net?

26 jun 2019 - 20:02

Lang om let moat der in ein komme oan it twaspjalt oer it âlde kuierpaad Omkromte efter de Koaileane yn De Jouwer. Al sûnt 2015 is der diskusje: is it paad iepenbier of net? De ried fan De Fryske Marren praat dêr woansdeitejûn oer. Dêr binne belanghawwers by, mar ek feriening Moai Skarsterlân, dy't de singel wer tagonklik wol. It is al jierren in hjit hangizer, oer twa wiken moat de diskusje klear wêze.

Oanwenners hawwe stekken yn de Omkromte pleatst yn 'e rin fan 'e tiid - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ferrifeljend is dat der hjoed-de-dei in oare dyk Omkromte hjit, mar dêr komt it âlde paad dwers op út. De 'Alde Omkromte' lei op de grins tusken de eardere gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl, oan de râne fan de beboude kom. It paad is oerwoekere en der binne ferskate stekken pleatst.

Foarstanners

De feriening Moai Skarsterlân wol al jierren it iepenbiere karakter fan de singel werombringe. It paad bestiet al iuwen en ferbûn De Jouwer fia De Wâldfinnen mei Langwar. It is neffens de feriening fan histoaryske en ekologyske wearde en it soe wer in moai kuierpaad wurde kinne.

Tsjinstanners

De singel rint lykwols oer de grûn fan de oanwenners fan de Koaileane. Guon wolle net dat der samar minsken troch harren eftertún rinne. Yn 'e rin fan de jierren pleatsten ferskate oanwenners stekken en buordsjes mei 'Verboden toegang.' Troch de blokkaden is it net mear tagonklik.

It paad is fertutearze en rint efter de huzen fan de Koaileane del - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Lestich is dat de oanwenners eigeners binne, mar dat der in iepenbier paad oer harren grûn rint. Dat is lykwols yn de rin fan de jierren net goed kommunisearre. Haskerlân en Doanjewerstâl ha fierder ek net dúdlik west oer de status. Boppedat wurdt it net ûnderholden, wêrtroch't it gjin kuierpaad mear liket.

Rjochterlike útspraak, mar noch hieltyd ticht

Al yn 2007 wiene der fragen oer it paad. Yn septimber 2015 wiisde it kolleezje in fersyk fan Moai Skarsterlân om it kuierpaad werom te bringen ôf. Doe begûn de twaspjalt. It slagge net beide partijen byinoar te bringen. Ek op sosjale media wie der in soad rombom.

Yn 2017 oardiele de rjochter op grûn fan de Wegenlegger út 1976 dat it paad iepenbier is. De Ried fan Steat kaam op 11 july 2018 ta itselde oardiel.

Nettsjinsteande dat is it paad noch hieltyd ûntagonklik en fertutearze. Oanwenners tsjinnen nammentlik in fersyk ta ûntlûken fan de iepenbierens yn. De gemeenteried hat neffens de Wegenwet it foech om dêrta te besluten. Dêrom hat de gemeente sels noch neat dien.

Definitive beslút by de ried

No moat de ried de knoop trochhakje: bliuwt de Alde Omkromte iepenbier of net? It kolleezje leit him del by de útspraak fan de Ried fan Steat, mar de ried moat der noch oer gear. As it iepenbier bliuwt, moatte de blokkaden fuorthelle wurde.

Op 10 july moat der in definityf beslút falle yn de gemeenteried.

De Omkromte op in kaart út 1918 - Foto: Delpher
(Advertinsje)
(Advertinsje)