Henk de Jong begjint mei SC Cambuur oan nij seizoen: "Hearlik!"

26 jun 2019 - 19:25

De seleksje fan SC Cambuur is woansdeitemiddei úteinset oan it nije fuotbalseizoen. Under lieding fan it nije trainersduo Henk de Jong en Sandor van der Heide spilen de 21 spilers op it fjild fan DTD. Om't de ploech noch net kompleet is, trainden seis spilers fan de belofteseleksje mei.

Henk de Jong

Foar de nije coach fan Cambuur wie it in wersjen fan it âlde nêst. De Jong wie earder trainer by de Ljouwerters en de Drachtster hie dan ek in soad om mei te fûstkjen. Hy is bliid dat de nije put no úteinset. "Hearlik! It fielt hartstikke goed. We hiene wol efkes fakânsje nedich, want we ha wol wat meimakke op fuotbalgebiet mei de degradaasje fan De Graafschap. Dat hie wol ynfloed. Mar nei in dei of tsien komme de kribels alwer."

Dy kribels kamen al doe't De Jong op fakânsje wie yn Italië. "We hawwe dit kear de fakânsje ôfmakke, mar faak geane wy nei tsien dagen nei hûs. Want dan moat ik wer oan de slach. Mar Diana sei: 'No moatte wy der efkes bliuwe Henk'."

Cambuur-seleksje

De 21 spilers dy't woansdei op it fjild stiene, binne foar in part jongens fan de beloften. Seis, om krekt te wêzen. It betsjut dat der noch wol wat fersterkingen bykomme moatte, mar De Jong makket him noch gjin soargen. "Wy moatte it ferstân der by hawwe en net yn panyk reitsje, want wy kinne noch wat dwaan. Dêr hawwe wy it jild foar. Op it goede momint komt der wat. Allinne, wy moatte wachtsje."

De konkurrinsje is grut yn de earste difyzje. Spilers as Ralf Seuntjens (De Graafschap) en Finn Stokkers (NAC Breda) jouwe de foarkar oan oare klups, sjocht ek De Jong. "Ik haw goede petearen hân, mar as jonges út acht of tsien klups kieze kinne, steane wy op dit momint net boppe-oan. Mar, dat komt wol wer."

Nije spilers

Der diene seis nije oanwinsten mei op de earste training. Ferdigeners Calvin Mac-Intosch en Kellian van der Kaap en middenfjilders Mees Hoedemakers, Jamie Jacobs, Mitchel Paulissen en Daniel Bouman wiene derby. Erik Schouten is op proef en wie der ek by woansdei.

Ut de beloften wei diene Bodhi Prinsen, Ken Raghoebar, Mees Gootjes, Dean Guezen, Kai van Rijswijk en Micha Metz mei. Dan bliuwe der noch acht spilers oer dy't ferline jier ek al ûnder kontrakt stiene by Cambuur: Pieter Bos, Jordy van Deelen, David Sambissa, Robin Maulun, Stanley Akoy, Issa Kallon, Nigel Robertha en Alex Bangura.

Ien fan de nije spilers is Mitchel Paulissen. Hy kaam oer fan Roda JC, de klup dêr't hy sawat syn hiele karriêre spile. "Het was deze zomer tijd voor iets nieuws. Als speler ben je toch gevleid als een club snel interesse toont en de gesprekken waren goed. Ik ben op mijn gevoel afgegaan en dat was gelijk goed", fertelt Paulissen, dy't as oanfallende middenfjilder út de fuotten kin.

"De eerste dag is goed bevallen. Het was al een tijdje rond, dus ik heb er lang naar uit gekeken. Ik heb zin om de voorbereiding te draaien en er een mooi seizoen van te maken."

Henk de Jong - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)