Manon de Boer pakt Nederlânske tiidrittitel

26 jun 2019 - 19:11

Manon de Boer fan Ljouwert is woansdei yn Ede Nederlânsk kampioen tiidriden wurden yn de kategory froulju sûnder kontrakt. Se kaam nei 43 minuten en 21 sekonden oer de einstreek. Dat wie yn de folsleine útslach goed foar it achtste plak, mar de sân froulju boppe har hawwe wol allegear in kontrakt.

Nederlânsk kampioene Manon de Boer - Foto: Orange Pictures

De winneres by de froulju waard Annemiek van Vleuten. De Boer wie goed fjouwer minuten stadiger as Van Vleuten. De froulju moasten in trajekt ôflizze fan 32,2 kilometer. Earder dit jier waard De Boer ek al distriktskampioen tiidriden.

Manlju

By de manlju spilen de Friezen gjin grutte rol op it NK tiidriden. Hartthijs de Vries wie de beste Fries: hy einige as fyftjinde op 3 minuten en 24 sekonden fan de winner Jos van Emden. By de beloften ried Marten Kooistra nei it 21ste plak. Dêrmei wie hy yn dy kategory de heechste Fries. De manlju leine op dit NK tiidriden 40,8 kilometer ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)