Lampe op provinsjehûs mei gesichten toant ferskaat oan Friezen

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is it keunstwurk 'Samen geven we een gezicht aan Fryslân' woansdei ûntbleate.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
Oanlieding is Artikel 1 út de Grûnwet, dat giet oer gelikense behanneling. De provinsje frege Tûmba om mei te tinken hoe't dit artikel 1 mear ûnder de oandacht brocht wurde koe en doe is it keunstwurk betocht. Fryske ynwenners binne oproepen om har 'gesicht' yn te stjoeren. Dy binne op in lampe tekene. Mei dizze gesichten wurdt it ferskaat fan Fryslân toand.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
Ien fan de gesichten op de lampe is fan Eldin Cirikovic. Syn ferhaal stiet ek optekene yn it boek dat makke is. Syn heit flechte as bern út it eardere Joegoslavië en syn mem komt fan de Antillen. Eldin fuotballet op heech nivo by Blauw Wit yn Ljouwert. "Discriminatie is niet leuk, hoe meer mensen meedoen, hoe minder er wordt gediscrimineerd."
"Artikel 1 is er voor de mensen, niet voor een stuk aan de muur", fertelt Tumba-direkteur Mirka Antolovic. "Met kunstenaars hebben we dit bedacht om mensen letterlijk in het licht te zetten. De lamp blijft staan, zodat mensen en ambtenaren er telkens aan worden herinnerd."
Eldin Cirikovic die oan it projekt mei
Tûmba-direkteur Mirka Antolovic