Lugubere fynst yn Hjerbeam: in kiste mei in deade hûn deryn

Yn it wetter by Hjerbeam is tiisdei in kiste mei dêryn in deade hûn fûn. It giet om in al wat âldere hûn, mooglik in harder.
De kiste mei it deade bist der yn © Diere-ambulânse Dier in nood
Of it bist noch libbe, doe't it yn it wetter smiten waard is net dúdlik. De gemeente Waadhoeke hat de kiste mei it bist ophelle.
It is mar de fraach oft de eigener ea fûn wurde sil, omdat de hûn net chipt wie. De diere-ambulânse Dier in nood yn Peins hat in oprop dien foar tips oer de fynst.