FIDEO: Nei Oranje sjen mei blessearre ynternasjonal Sisca Folkertsma

28 jun 2019 - 06:12

De Nederlânske fuotbalfroulju steane yn de kwartfinale fan it wrâldkampioenskip. Mei Sherida Spitse yn de basis wûn Oranje tiisdei fan Japan. Gewoanwei hie der noch in Friezinne by west yn Frankryk, mar Sisca Folkertsma rekke krekt foar it WK slim blessearre. Dus sjocht se de wedstriden fan har teamgenoaten gewoan thús op de bank yn Sleat. En dat docht bêst wol in bytsje sear.

It is no trije moannen lyn dat Folkertsma yn in wedstriid mei har klup FC Twente in krúsbanblessuere oprûn. Se skuorde him ôf, wêrtroch har seizoen der yn ien klap op siet. Dêrtroch gie der ek in streek troch dielname oan it WK. Dochs giet it no goed mei Folkertsma. "Ik kin yntusken wer rinne. It herstel giet ek hiel goed. De tiid giet snel, ik fermeitsje my wol en mei eltse dei wer nije dingen dwaan."

"Ik bin noch jong"

Dochs is it net maklik. Se hie yn Frankryk wêze moatten, mar sjocht de wedstriden fan Nederlân no thús op 'e tillefyzje. "Ik mis fansels wol hiel wat. Dat is bale, mar ik bin noch jong, dus dat is wat om yn de takomst nei út te sjen. Foar in topsporter is it altyd pynlyk, mar ast it akseptearre hast, moatst wer foarút. Dan kinst der wol yn hingjen bliuwe, mar dat hat net safolle sin."

Sisca Folkertsma yn aksje as ynternasjonal - Foto: Orange Pictures
(Advertinsje)
(Advertinsje)