Schuttevaerrace giet dit jier net troch nei stjergefal

De Schuttevaerrace giet dit jier net troch. Freed soe de race fan start gean. De Koninklijke Watersportvereniging Sneek makket dit bekend.
© Niels Remigius
Ben Overkamp fan de organisaasje is ferline wike ynienen ferstoarn. Hy wie al 14 jier by de Schuttevaerrace belutsen, hy wie lid fan it wedstriidkomitee.
Overkamp wie ek belutsen by de Sneekweek foar de wettersportferiening fan Snits.