Museum Dokkum krijt 'de fibula fan Noardeast-Fryslân'

26 jun 2019 - 16:41

Museum Dokkum hat in bysûndere mantelspjelde yn brûklien krigen dy't de Ottema-Kingma Stichting kocht hat. De fibula waard yn 2015 troch amateurhistoarikus Wytse Tjepkema fûn. It giet om de helte fan in fergulde sulveren fibula út de 6e iuw nei Kristus.

Earder wie op itselde plak ek in part fan in soartgelikense mantelspjelde fûn. Beide dielen pasten yn elkoar, die bliken út ûndersyk. De fibula is gearfoege.

De dielen wienen yn brûklien jûn oan it Fries Museum, dêr't dy te sjen wie op in tentoanstelling. Dêrnei krigen de finers it werom. Ferline jier fregen se oft Museum Dokkum belangstelling hie foar de fynst om't de dielen yn Noardeast-Fryslân fûn wiene.

Om't it museum dat net betelje koe, is in berop dien op de Ottema Kingma Stichting. Dy kocht de fibula oan. Fan july ôf is de fibula te sjen yn it museum.

Trefwurden: 
Museum Dokkum fibula
(Advertinsje)
(Advertinsje)