UPDATE: A6 by Bant langer ôfsletten om akrylsoer kantele frachtwein op te rêden

26 jun 2019 - 22:11

De autodyk A6 is op it stik tusken Emmeloord en De Lemmer yn beide rjochtingen mooglik wol oant 01.00 oere nachts ôfsletten. By Bant is earder op woansdei in frachtwein mei akrylsoer, in gefaarlike bitende stof, kantele. Dêrby is de sjauffeur fan de frachtwein omkaam. Hy soe net goed wurden wêze.

Foto: Jaring Rispens

Om 16.00 oere is begûn mei it oerpompen fan it akrylsoer yn in oare frachtwein. As it oerpompen slagge is, sil de brânwacht besjen oft de berging fan de frachtwein begjinne kin. It kin ek wêze dat dy útsteld wurdt. Neffens de brânwacht lekt de frachtwein gjin akrylsoer. Sy steane paraat mei wetter- en skomkanonnen.

Trochgeand ferkear yn beide rjochtingen fan de A6 moat omride. Lokaal ferkear is wol mooglik, sa seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. Wa't net de provinsje út hoecht, hat gjin lêst fan de ôfsluting.

Trefwurden: 
ûngelok A6 akrylsoer
(advertinsje)
(advertinsje)