Ferbiningsdyk fan N31 nei A7 ticht om't kontener fan frachtwein fallen is

26 jun 2019 - 16:23

De ferbiningslus fan de N31 nei de A7 by it knooppunt Surch is woansdei oant 21.00 oere ticht. Oanlieding is in ûngelok wêrby't in frachtwein in kontener ferlern is op de dyk tusken Harns en Boalsert. De dyk soe al earder wer iepen, mar it opromjen duorret langer as pland.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der stiet gjin file. Ferkear kin fia oare diken wol yn de rjochting Boalsert komme. Troch it ûngelok lekte de frachtwein disel. De fangrail is ek stikken gien. De frachtwein is yntusken fuort en wurdt nei Berltsum sleept.

Letter iepen

It wie earst de bedoeling dat de dyk om 19.00 oere wer iepen soe, mar dêr binne no twa oeren by kaam. Dit om't de kontener noch opladen wurde moat en om't de dyk skjin moat. Der leit noch disel op de dyk. Boppedat is der skea oan de fangrail en it asfalt. No moat de dyk om 21.00 oere hinne iepen.

Trefwurden: 
A7 N31 Surch
(Advertinsje)
(Advertinsje)