Mozilla en Fryske Akademy wurkje oan 'stimmebiblioteek' foar spraakwerkenning

De provinsje hat 38.000 euro beskikber steld om tsientûzen Fryske sinnen ynsprutsen te krijen om sa in 'stimmebiblioteek' op te bouwen. Dy kin brûkt wurde kin foar spraaktapassingen foar bygelyks telefoans en kompjûters.
© Omrop Fryslân
It idee komt fan systeembehearder Wim Benes, hy is frijwilliger by webbrowser Mozilla. "Spraakwerkenning wurdt hieltyd belangriker. We wolle software meitsje dy't apparaten yn 'e hûs en yn de auto oanstjoere kinne. We meitsje de dataset en dy is frij te brûken foar oaren. Yn dy set komme 10.000 sinnen."
"Het gaat bijvoorbeeld om basisinstructies zoals 'zet koffie', 'schakel de televisie op Omrop Fryslan'," leit Hans van der Velde fan de Fryske Akademy út. "Maar ook een zin als 'wat is het prachtig weer vandaag.'" Ek de basiswurdskat fan it Frysk komt yn de dataset. "En de belangrijkste dialectverschillen uit het Fries, zoals kleifries en woudfries. En het moeten verschillende stemmen zijn."
Earst wurde de sinnen makke, letter wurde minsken socht om dy yn te sprekken. "Dit najaar komt er een oproep om Friestaligen naar een website te lokken om zinnen in te spreken. Op termijn moet de computer mijn stem herkennen en weten welk bier hij uit de koelkast moet halen, als ik zeg dat ik dorst heb", laket Hans van der Velde.
Wim Benes en Hans van der Velde