Gjin heffing foar frachtweinen op de A31
Frachtauto's hoege fan 2023 ôf gjin heffing te beteljen as sy oer de A31 tusken Ljouwert en Harns ride. Dat is de útkomst fan in mienskiplike lobby fan de provinsje Fryslân en de gemeenten.
Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat sette woansdei in streek troch de heffing op de A31. Soks foarkomt mooglik slûpferkear fan 400 ekstra frachtauto's op in dei, op de N359 tusken Boalsert en Ljouwert.
It kabinet Rutte wol fan 2023 ôf in frachtweinheffing ynfiere op alle autosneldiken. De eangst fan de provinsje en de gemeenten wie dat sjauffeurs in goedkeaper alternatyf sykje en dat it dêrtroch ekstra drok wurdt op gemeentlike en provinsjale diken.
Op de A6, de A7 en A32 wurdt de heffing wol ynfierd. Neffens berekkeningen soarget dat net foar ekstra ferkear op oare diken.