Minister docht no noch gjin tasizzingen oer ynspeksje nei ûnderwiis Fryske taal

Minister Ollongren fan Ynlânske Saken sil de Twadde Keamer foar de ein fan it jier witte litte hoe't it komt mei de ûnderwiisynspeksje fan it fak Frysk. De minister hat dat woansdeitemiddei tasein oan de Twadde Keamer by in algemien oerlis oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer.
Kajsa Ollongren
De provinsje Fryslân wol ek aktyf oan de slach mei de ynspeksje fan it fak Frysk, mar hat dêr gjin foech oer. De minister sil ien en oar oerlizze mei ûnderwiisminister Arie Slob. Oft de provinsje dêr ek in rol yn krijt, woe de minister net tasizze. "Het gaat er om dat het gebeurt, niet wie erover gaat", sa sei Ollongren.

Foarstel oer sichtberens komt

Oer it befoarderjen fan de sichtberens fan it Frysk sil de minister de Twadde Keamer de kommende hjerst in 'prosesfoarstel' stjoere. Keamerleden as Harry van der Molen en Aukje de Vries fregen de minister om stappen te setten troch ek as Ryksoerheid it Frysk aktyf te brûken, bygelyks op buorden fan gebouwen, tsjinstauto's en plysje-unifoarms.
De minister wol ek dat ûnderwerp earst mei har oanbelangjende kollega-ministers oerlizze, ear't se mei in prosesfoarstel komt. "Ik ben minister Friese zaken, maar ik ben niet minister van alles. Ik moet dat eerst met mijn collega's overleggen."
Foar de Fryske publike tribune hie de minister ek noch wol in boadskip: "Ik zal u geen strobreed in de weg leggen, als u zich ook een keer meldt bij mijn collega's van onderwijs of justitie."

"Oanhâlde as storein"

Geart Benedictus fan de Fryske Beweging omskreau it oerlis as 'in gearkomste fan lytse stapkes'. "It wurdt tiid dat der yn Den Haag in buro Fryske Saken komt mei in earmerke budzjet, sadat je de saken wat flotter regelje kinne", seit er. "It is mei it Frysk noait mei ien loop klear, je moatte oanhâlde as storein."
Geert Benedictus
It wie neffens Benedictus dus net in histoaryske gearkomste. "It wie allegear wat faach: noch oerlis, noch útstelle, noch ris besjen. Mar it stiet no yn elts gefal op de wurklist. Ik bin benijd nei wat it opsmite sil."

Poepjes ek net alhiel tefreden

Deputearre en taalskipper Sietske Poepjes is ek net alhiel tefreden mei wat mei minister Ollongren sein hat: "It is in moai begjin. De minister hat hert foar de Fryske taal, foar meartaligens. It is noch net wat ik sjen wol as bestjoerder by de provinsje, as Fries en as taalskipper."
Sietske Poepjes
"Wat ik graach wol, is resultaat op it mêd fan ûnderwiisynspeksje, dat it foech oergiet nei de provinsje", seit Poepjes.

Yn België, Wales, Baskelân en Ierlân kin it ek

"Ek wolle we dat we plysje-unifoarmen krije mei it Fryske wurd plysje op de rêch." It feit dat de plysje yn Nederlân nasjonaal organisearre is, hoecht neffens Poepjes gjin behindering te wêzen: "Yn België, Wales, Baskelân en Ierlân kin dat ek. Dus sille we by dy oanbelangjende ministers op de kofje gean. Dêr giet Ollongren net oer, mar se tinkt wol mei ús mei."
Dochs seach en hearde Poepjes wol foldwaande oanknopingspunten dêr't se as bestjoerder fierder mei kin: "It Frysk en de posysje fan it Frysk is in moai dossier. Dêr sette we ús enerzjy op yn. Dat doch ik, en dat dogge Sis Tsiis en de Ried fan de Fryske Beweging. It is it begjin fan in moai lobbyproses."