MSC betellet no lang om let 3,35 miljoen euro oan claims

Reder MSC makket dizze woansdei noch 3,35 miljoen euro oer oan de organisaasjes dy't dat claime. It Ryk wol 2,64 miljoen euro ha en gemeenten plus natuerbehearders 710.000 euro. De vice-presidint fan MSC hat tiisdeitejûn de tasizzing dien dat de reder betellet. Dat hat minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat niiskrekt bekend makke.
Cora van Nieuwenhuizen
It jild is bedoeld as fergoeding foar ûnder oare it opromjen fan de ravaazje dy't ûntstie nei de ramp mei de MSC Zoe, mar bygelyks ek foar it bergjen fan de konteners. By de ramp begjin jannewaris sloegen 345 konteners oerboard.
Der is ek noch jild fan de reder nedich om it ûndersyk nei de gefolgen fan de kontenerramp te beteljen. Dêrby wurdt in bedrach fan likernôch tolve miljoen euro neamd.
Noch net alle konteners binne burgen. Sa leit der yn alle gefallen noch in kontener mei gefaarlike stoffen yn it wetter.

Waadautoriteit

In spesjale Keamerkommisje oerleit woansdei oer de kontenerramp. Yn datselde oerlis is ek praat oer de komst fan in nije Waadautoriteit. De regearingspartijen lykje tefreden oer de opset dêrfan. De opposysje is kritysk, omdat dy nije autoriteit net genôch macht krije soe.
Ynterview mei Van Nieuwenhuizen
De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.