Harns wol earst gjin nije hotelkeamers mear

26 jun 2019 - 14:31

Yn Harns wurde foarearst gjin fergunningen mear jûn foar nije hotelkeamers of gelegenheden foar bêd en brochje. Dat hawwe boargemaster en wethâlders besletten. De gemeente wol earst belied opstelle foar lytsskalige oernachtingsmooglikheden.

It gemeentehûs fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente seit dat der hieltyd faker oanfragen komme fan minsken dy't keamers ferhiere wolle, bygelyks fia AirBnB.

De gemeente wol lykwols earst witte wat dat betsjut foar de buerten dêr't dy keamers komme en wat de konsekwinsjes binne foar besteande akkommodaasjes.

It belied fan Harns foar de oernachtingsmooglikheden moat op koarte termyn klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)