Primeur yn De middei fan Fryslân: single fan Het Kollumer Oproer

26 jun 2019 - 14:20

It spektakelstik Het Kollumer Oproer komt hieltyd tichterby en der wurdt al drok repetearre. It iepenloftspul bringt in single út en dy is foar it earst te hearren yn De middei fan Fryslân.

Foto: Museum Dokkum

Sjongeres Carla de Bruine út Kollum hat de single ynsongen. Se is noch drok mei de repetysjes dwaande. "It giet hiel goed mei de repetysjes, we ha in fantastysk team. Oer in wike is de premjêre al, it giet hurd, mar ik bin der klear foar."

Oan it stik dogge tal fan bekende Fryske artysten mei lykas Syb van der Ploeg, Marcel Smit en Piter Wilkens. "En dat ik dêr dan as begjinneling tusken stean mei, fyn ik in hiele eare."

De single giet wol oer in hefich ûnderwerp. "Yn it stik wurd ik ferkrêfte troch myn baas. It ferske dat ik sjong, is in Fryske oersetting fan it nûmer 'Til it happens to you' fan Lady Gaga, dat dêr ek oer giet. Yn it Frysk hyt it liet: 'Hoe't it fielt'."

It nûmer is oerset troch Sytse Broersma fan De Kast.

Carla de Bruine

It stik wurdt spile fan 4 oant en mei 8 july. Freed 5 july en sneon 6 july binne al útferkocht.

(advertinsje)