Libjende moanfisk oantroffen yn de Waadsee

Yn de Waadsee wie tiisdei in bysûnder bist te sjen. De bemanning fan in ûndersyksskip fan it Nioz (Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee) seach nammentlik in moanfisk. It skip fear yn de Blauwe Balch, in farrûte tusken Skylge en It Amelân, doe't de bemanning de fisk seach. Moanfisken wurde sa no en dan libjend sjoen yn de Noardsee, mar hast nea yn de Waadsee.
It gie om in jong eksimplaar fan sa'n 60 sintimeter. Folwoeksen moanfisken kinne in lingte fan wol 4 meter en en gewicht fan mear as 2.000 kilo berikke. It binne oseaanfisken dy't foarkomme yn tropyske oseanen. Se ite kwallen, plankton en lytse fisk.
Yn desimber fan foarich jier waard der noch in deade moanfisk fûn op it strân fan Skylge.
Nioz-ûndersiker Sander Holthuijsen wie op it skip en seach de karakteristike fin fan de moanfisk boppe it wetter útstekken. Omdat it wetter sa rêstich wie, koene de ûndersikers de fisk lange tiid goed folgje en filmje. De kenmerkende swimbewegings fan de moanfisk wurde feroarsake troch it stive lichem en de lange finnen dy't as roeiriem brûkt wurde.
Moanfisken wurde ek faak dobberjend oan it oerflak sjoen, mar swimme dogge se wol rjochtop. Omdat moanfisken har net sa goed rêde yn ûndjip wetter of de brâning spiele se ek regelmjittich oan op de Nederlânske strannen. Dit eksimplaar makke lykwols in sûne yndruk en swom aktyf fuort foar in nijsgjirrige seehûn.
Undersiker Sander Holthuijssen fan it Nioz