Fryske grûn wurdt op termyn hieltyd sâlter

26 jun 2019 - 13:13

It sâlter wurden fan de Fryske grûn is net folslein tsjin te hâlden, mar wol te fertraagjen. Provinsje-amtners lûke oan de belle, want foar dy fertraging is der aksje nedich.

Foto: Omrop Fryslân

Wiete winters en drûge simmers soargje foar gruttere skommelingen fan de grûnwetterstân yn Fryslân. Troch it tanimmen fan de seespegel streamt der ek mear sâlt wetter fan de see nei it fêstelân. Dat soarget foar in protte problemen.

Dit docht bliken út in grûnwetterstúdzje, útfierd troch de provinsje Fryslân, it Wetterskip en wetterliedingbedriuw Vitens. De befiningen stean yn de Grûnwetteratlas Fryslân.

"We ha trochberekkenje litten wat de klimaatferoaring en boaiemdelgong betsjut foar it Fryske grûnwettersysteem. Dan kinst sjen watfoar kant it útgiet en oftst bystjoere kinst", fertelt Johan Medemblik fan de provinsje. "Nei 2100 giet it sâlter wurden fan de grûn wol troch, mar it goede nijs is dat we noch wol tiid hawwe om der wat oan te dwaan, lykas fertikale drainaazje."

De stúdzje moat noch foar elk ûnderdiel útwurke wurde en foar elke grûnsoart.

Johan Medemblik

Trefwurden: 
sâlt grûnwetter
(Advertinsje)
(Advertinsje)