Hûnderten mûzen oerlibje klim by Jeltesleat net: "It is in apart fenomeen"

26 jun 2019 - 12:52

De provinsje ûndersiket oft der maatregels mooglik binne by it akwadukt ûnder de Jeltesleat by De Hommerts, om foar te kommen dat der alle dagen hûnderten mûzen nei ûnderen falle. De mûzen rinne oer de betonnen râne, mar se falle dêr dan ôf en bedarje dea op it fytspaad.

Sa'n twa wiken lyn begûn it, neffens Auke Minne Hofman út De Hommerts. Hy fytst alle dagen twa kear troch it akwadukt. "It is in apart fenomeen. De earste dagen leinen der in pear, mar elke dei kamen der mear by en sûnt in wike lizze der alle dagen mear as hûndert mûzen. De measte binne dea en sa no en dan sjoch ik in swiere ferwûne bist omkrûpen."

Neffens him soe it komme kinnne dat de tegels oan de binnenkant glêd binne. "Benammen yn de nacht klimme se en falle se del. In kear leinen der sels 300 mûzen op it paad. Se falle wol sa'n acht meter nei ûnderen." Hofman hat kontakt socht mei de provinsje en dy lit de mûzen no alle dagen opromje.

"Der is in mûzepleach, en guon sille der net rouwich om wêze dat se der dea lizze. Mar it kin net wiken sa trochgean, mar wat in oplossing is, wit ik sa net."

Foto: Kappers Media

Auke Minne Hofman

De provinsje tinkt nei oer in oplossing. "Dat is noch net sa ienfâldich", fertelt Jaap Leijenaar fan de provinsje.

Mûzen klimme oeral del. Mooglik is in wyldraster in idee, of in soarte fan keunststof plaat. It giet ek wol om in grut gebiet, benammen oan de súdkant fan it akwadukt, oan de kant fan Wâldsein. Der binne wol plakken om oer te stekken, lykas it flonder by it kanaal, mar kinst der net in buordsje mei in rjochting by sette. Je kinne se der net hinne wize."

Jaap Leijenaar

Trefwurden: 
akwadukt dea mûzen Jeltesleat
(advertinsje)
(advertinsje)