Ljouwert bliuwt ynsetten op wettertechnology, toerisme en agrifood

26 jun 2019 - 12:17

Ljouwert bliuwt de kommende jierren ynsetten op wettertechnology, toerisme en agrifood. Dy sektoaren binne goed foar de wurkgelegenheid en soargje foar in soad ynkomsten. Dêrnjonken moat der ynset wurde op digitale feilichheid, soarchynnovaasje en goed âld wurde. It binne de spearpunten fan it nije ekonomyske belied fan de gemeente Ljouwert oant en mei 2022.

Foto: Gemeente Ljouwert

Op koarte termyn wol de gemeente Ljouwert derfoar soargje dat minsken oan it wurk gean, mar oan de oare kant wolle se der ek foar soargje dat se klear binne foar de takomst. "Dat hâldt yn dat we mei alle Fryske gemeenten ien ekonomysk belied meitsje en dat we dêr ien programma fan meitsje: ûnderwiis, arbeidsmerk en ekonomy", seit wethâlder Friso Douwstra fan ekonomyske saken.

Krimp

Ien fan de grutste bedrigings foar de ekonomyske ûntwikkeling yn Fryslân is de krimp. Goed 20 persint fan de arbeidsbefolking driget te ferdwinen. Dat hat konsekwinsjes foar de bedriuwichheid.

"Wat wy wolle, is dat we noch mear profitearje fan de ekonomyske merken dêr't wy sterk yn binne, dus wettertechnology, agrifood en toerisme", seit Douwstra. "Oan de oare kant moatte we ek iepenstean foar ynnovaasje."

It moat neffens Douwstra lykwols net allinnich gean om wurk, it moat ek gean om wolwêzen.

Wethâlder Friso Douwstra oan it wurd

Ek ûnderwiis spilet in belangrike rol. "Bygelyks as je sjogge nei wettertechnology. Dêr belûke wy no alle ûnderwiissektoaren by. Dus fan de basisskoalle oant it heger ûnderwiis. Bring se mar mei inoar yn kontakt."

Braindrain

Fan grut belang wurdt it opkearen fan de saneamde 'braindrain'. "Je moatte Ljouwert dan ek posisjonearje as 'the place to be'. As je dan in goed fêstigingsklimaat ha, meitsje je de stêd oantreklik."

(advertinsje)
(advertinsje)