FIDEO: Ko oan de kuier op N31

26 jun 2019 - 11:50

Fjouwer kij fan in pleats yn Surch hawwe woansdeitemoarn foar gaos soarge doe't se útnaaiden yn de rjochting fan Kimswert. Ien ko makke in kuierke op de autodyk N31.

Dêrop besleat de plysje de dyk koart ôf te sluten om de ko nei de ôfrit by Kimswert te begelieden. Dêr draafde it bist de greide yn.

Ien fan de plysjeweinen rekke skansearre by de efterfolging op de ko en ried dêrby oer in betonnen blok yn de berm.

De eigeners hearden fan de ûntsnapping nei't se belle waarden dat de kij yn in foartún yn Surch stienen.

Hoe't it no mei de fjouwer kij is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
N31 ko kij Surch
(advertinsje)
(advertinsje)