UPDATE: Frachtwein mei akrylsoer kantelet op A6; sjauffeur omkaam

26 jun 2019 - 12:47

De A6 yn 'e rjochting fan De Jouwer is ôfsletten fanwegen in iensidich ûngelok. By Bant is in frachtwein mei akrylsoer, in gefaarlike bitende stof, kantele. Dêrby is de sjauffeur fan de frachtwein omkaam. Hy soe net goed wurden wêze.

Foto: Jaring Rispens

De frachtwein is by it ûngelok mei de iene helte yn de berm bedarre en mei de oare helte yn de greide.

De dyk is tusken Emmeloord en Bant foarearst folslein ôfsletten rjochting it noarden. It ferkear moat fan Muiderberg ôf omride en wurdt oanret om de A1, A28 of A32 te nimmen.

Pas om 18.00 oere klear

"Acrylzuur is een gevaarlijke stof", fertelt Henk Voermans fan it Ferkearssintrum fan Rykswettersteat. "Daarom moeten we voorzichtig zijn met bergen en maken Rijkswaterstaat en de brandweer een plan hoe ze dat het beste kunnen gaan doen. De verwachting is dat dat pas om 18.00 uur klaar is."

As de bergingswurksumheden begjinne, wurdt ek de súdlike rjochting ôfsletten foar it ferkear en wurdt dat omlaat. Wannear't dat is, sil Rykswettersteat fia ferkearsynformaasjepunten bekend meitsje.

Trefwurden: 
ûngelok A6 De Jouwer akrylsoer
(advertinsje)
(advertinsje)