Frysk dichterskollektyf RIXT set mei Ingelske webside yn op ynternasjonale projekten

It Frysk Dichterskollektyf RIXT hat no ek in Ingelske webside. De nije webside jout mear in oersjoch fan ynternasjonale projekten en optredens dêr't Fryske dichters by belutsen binne. In grut part fan de 45 dichters fan RIXT hat oersettingen fan eigen gedichten foar de webside ynstjoerd.
© RIXT
De Ingelske webside sil brûkt wurde om in begjin te meitsjen mei in wichtige doelstelling fan it dichterskollektyf: de Fryske poëzy ynternasjonaal op 'e kaart sette. RIXT wol de kommende jierren har bêst dwaan om mear Fryske dichters op ynternasjonale poadia te krijen en de Fryske poëzy ûnder de oandacht te bringen fan dichtersnetwurken yn it bûtenlân. Dêrby wurdt gearwurking socht mei oare dichters, literêre tydskriften en kulturele organisaasjes.
De Ingelske webside is net inkeld in oersetting fan de Fryske, mar hat in oar karakter en doel. De Fryske side rjochtet him benammen op de aktualiteit. Dêr komme gedichten oer aktuele tema's op. Op de Ingelske webside wurde de kommende tiid audio- en fideo-opnames fan Fryske gedichten set, sadat net-Frysktaligen it lûd fan de dichters hearre kinne by de oersettingen.

Nije Nederlânsktalige dichters

RIXT hat ek trije Nederlânsktalige dichters wolkom hjitten: Job Degenaar, Dien L. de Boer en Peter Vermaat. Alle trije wenje se al jierren yn Fryslân en fiele se har ferbûn mei de Fryske literatuer.
RIXT bestiet no ien jier en waard ûnder oare oprjochte út argewaasje oer de beheinde oandacht dy't LF2018 oan de Fryske literatuer en poëzy joech.