Deputearren Michiel Schrier en Klaas Kielstra nimme ôfskied

26 jun 2019 - 10:19

Michiel Schrier fan de SP wie fjouwer jier lyn noch de meast opfallende nijkommer yn it kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân. Syn partij kaam foar it earst yn de skiednis yn it Fryske deistige bestjoer, yn in kolleezje mei CDA, FNP en VVD. Mar langer as fjouwer jier duorret it aventoer net foar Schrier. De SP ferlear by de lêste provinsjale steateferkiezingen 3 fan de 5 sitten. De partij wurdt yn it nije kolleezje ferfongen troch de PvdA.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It nije kolleezje wurdt dizze woansdeitejûn ynstallearre. Hoewol't Michiel Schrier fierder giet as fraksjefoarsitter fan de SP yn Provinsjale Steaten, moat er syn keamer opromje en fûstkje mei syn fêste meiwurkers.

"Mijn kamer is al leeggehaald, de kastjes zijn leeg, alles is van de muur, de posters zijn van het bord. Ja, zo moet dat." Schrier sil earst mei fakânsje en dan omsjen nei oar wurk. "Ik ga kijken wat voor leuke uitdaging er is. Het is prachtig om in de publieke zaak te werken. In een actueel thema als energietransitie kan ik wat betekenen voor Friesland of ergens anders in het land."

Hy sjocht mei in soad nocht werom op de ôfrûne perioade. "Met heel veel plezier zit ik hier elke dag weer."

Hy slút net út dat er wer weromkomt. "Over vier jaar is er weer een kans en dan gaan we gewoon weer vrolijk meedoen," seit de no noch deputearre Michiel Schrier.

Michiel Schrier

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Nei fjouwer jier komt ek in ein oan it deputearreskip fan VVD-er Klaas Kielstra. Hy hie sels graach fierder wollen as bestjoerder yn it provinsjehûs, mar syn fraksje yn Provinsjale Steaten hie leaver Avine Fokkens as de nije deputearre yn in kolleezje dat de VVD de kommende jierren foarmet mei it CDA, PvdA en FNP.

"Je sammelje yn fjouwer jier tiid hiel wat spullen, seker as je geregeld yn it bûtenlân binne. De saken dêr't ik oan hechte bin, dêr't in ferhaal oan sit, nim ik mei nei hûs."

Hy is bliid mei it jild dat foar de slûs by Koarnwertersân koartlyn noch kommen is. "Moai dat dat de lêste wiken noch slagge is. Ik bin in tefreden deputearre. Ik ha it hiel bot nei it sin hân. We ha moaie dingen realisearre en wienen echt in team."

En wat sil er no? "Ik bin my oan it oriïntearjen. Ik sil foar mysels begjinne, en mooglik wat mei keunst dwaan. Mar ik sil earst op fakânsje, rêst nimme. Mar we moatte ek foarút en dêr ha ik sin oan."

Hielendal ferdwine docht Kielstra net. Hy wurdt de nije fraksjefoarsitter fan de VVD yn Provinsjale Steaten. Dat wie wer de foarige funksje fan Avine Fokkens. "Ik gean dus heal fuort. De polityk leit ticht by my, Fryslân leit ticht by my, dus ik bliuw aktyf", seit no noch deputearre Klaas Kielstra.

Klaas Kielstra

(advertinsje)
(advertinsje)