Behearplan foar reeën oanpast; fokus leit op minder oanridings

26 jun 2019 - 10:17

Der meie fan takom jier ôf net mear as fiifhûndert oanridings mei reeën op de Fryske diken wêze. De provinsje past it eardere behearplan foar de oerlêst troch reeën oan op it beheinen fan oanridings. It behear op grûn fan in maksimaal oantal reeën yn ús provinsje wurdt dêrmei loslitten.

Foto: I. Przykuta, Wikipedia

"Oant no ta waard it ôfsjitten fan reeën basearre op it oantal reeën yn Fryslân. Wy woene dat net boppe de 6.000 reeën hawwe, mei as eachmerk it belang fan de ferkearsfeiligens. Dat hawwe we oanpast. We wolle no útgean fan net mear as 500 oanridings."

Der komt aktiver behear yn saneamde 'hotspots', plakken dêr't in soad oanridings binne. "It is de bedoeling dat de Faunabehearienheid dêr foarkomt dat auto's yn botsing komme mei reeën."

Deputearre Johannes Kramer oer de reeën

De measte oanridings barre op de saneamde haadwegen mei in boskryk lânskip. Foarbylden binne de N351 tusken Skerpenseel en Easterwâlde, de N381 tusken Drachten en Appelskea en de N380, de Skoatterlânskewei tusken Aldskoat en Donkerbroek.

Beskerme diersoarte

Reeën binne in beskerme diersoarte. Ofsjitte mei pas as der previntive maatregels naam binne. It behear fan de reeëstân mei allinnich mei in goedkard Faunabehearplan. "Je meie se allinnich mar oanpakke ast dêr in yn de wet neamd belang by hast." Dêrom wurdt der no ynsetten op de ferkearsfeiligens.

It tal registrearre oanridings yn de perioade 2015 oant 2018 wiene 388 yn 2015, 408 yn 2016, 584 yn 2017 en 497 yn 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)