Fryske 'bewegers' fiere aksje yn Den Haag foar sichtberens Frysk

26 jun 2019 - 10:12

Tsientallen Fryske 'bewegers' binne woansdeitemoarn om 9.00 oere op it plein fan it Twadde Keamergebou yn Den Haag begûn mei in aksje foar mear sichtberens fan it Frysk. Se diene dat yn plysjejaskes mei it opskrift 'plysje' yn stee fan 'politie'.

Se biede om 10.30 oere sa'n jaske oan oan de keamerkommisje fan Ynlânske Saken, want dy fergaderet woansdei oer it Frysk. Twadde Keamerlid Henk Krol fan 50PLUS wie derby. Hy ferklearre dat er efter de aksje stiet.

Antillianen stypje Friezen

De Friezen waarden ek stipe troch de Antilliaanske organisaasje Splika. Sy wolle graach foar it Papiamintsk op Bonêre deselde mooglikheden as dy't it Frysk yn Fryslân hat.

De aksje waard ek bywenne troch in delegaasje Steateleden, fan ûnder oare CDA, FNP, VVD en Forum voor Democratie. De provinsje Fryslân stiet ek efter de aksje. Sy wolle graach dat it Ryk helpt om it Frysk sichtberder te meitsjen troch ek sels mear aktyf it Frysk te brûken yn Fryslân.

De keamerkommisje fan Ynlânske Saken fergaderet woansdei fan 11.00 oere ôf oer it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer, dat provinsje en Ryk ein ferline jier sletten ha. De Ried fan de Fryske Beweging fynt dat akkoart te meager en dat is foar de keamerkommisje oanlieding om it woansdei op de aginda te setten. Spearpunten dêrby binne de sichtberheid fan it Frysk en de situaasje fan it Frysk op skoalle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)