Kollum: "Net ien is ûniens"

"We kamen ôfrûne moandei pas wer werom fan Oerol, yn de gewoane wrâld. Der giet in soad oan je foarby, mar dan moatte je mar net mei fakânsje gean. Dus ik ha it nije kolleezjeprogramma fan Fryslân mist. Ik hie it noch in dei earder witte kinnen, want de Leeuwarder Courant hie it by immen út de bûse wei klaud. Mar dat joech ek neat, ik siet op Skylge.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
It wie Oerol en moai waar, dus dan sitte je op in terras. Lutz Jacobi, de baas fan de Waadferiening, rûn foarby, mar se seach my net. Se seach gâns oaren en kloppe elk op it skouder. Ik rôp mar neat, want ik wit wol wêr't Lutz en ik it dan oer hân hienen en dan hie se te let foar de boat west.
De ramp mei al dy konteners dy't yn see kwakten, hat Lutz ek wer wekker skodde. De gaos dy't doe ûntstie, wie grut. As je inkeld mar sjogge nei dat de iene boargemaster de frijwillige oprommers ferwolkommet mei in berenburgje, stjoerde de oare se wer fan it eilân ôf. En wat der dêrnei barde. De iene rôp hea en de oare rôp strie. Sadat de mannen fan de rederij noflik efteroer skeukten, in whiskytsje namen en seine "dêr kinne we noch wolris wat yn see kwakke".
Minister Schouten sei fan 'e wike dat der in claim leit fan trije in en in heal miljoen. Leaf minske, dat is fiersten en fiersten te min. Boppedat, dat jild moat wer ferdield wurde; it Ryk moat in soad ha, en de gemeenten en natuerorganisaasjes ek wer in part. Rykswettersteat sil ek noch wol mei wat komme, want dy sjogge wat der noch mear leit sûnder it op te rêden. Der leit noch in kwak rommel. Dus dan komme we wer mei in claim. O ja, en de fiskers sitte der ek noch net yn, want we witte net wat we dêr mei moatte.
It wurdt sawat tiid dat dy reders de whiskyflesse leech ha, seit Schouten driigjend. Mar dy laitsje har noch stikkener om dizze naïviteit fan de minister. Minske, lis no gewoan in claim del fan sis mar 10 miljard. Dan wurde se wol nochter. Mar nee hear, allegear lytse stimkes en stapkes fan fiersten tefolle organisaasjes.
Lutz soe it, benammen op in terras, tsjin my wat grouwéliger sein ha. Mar netsjes foar de Omrop sei se: "It is hiel bot nedich dat it behear fan de Waadsee better organisearre wurdt. We sjogge no hoe't fiif ministearjes, goed tsien gemeenten en trije provinsjes by elkoar del wurkje".
Ja en net te ferjitten al dy oare organisaasjes dy't altyd oeral oer meihaffelje. Lutz har Waadklup. Ek al dy oare natuerorganisaasjes dy't tinke dat It Fryske Gea, Landschap Noord-Holland en Groninger Landschap ferskillend tinke oer itselde waad. En al dy farders fan brune float en sjarters oant kano's. Waadseehavens en Waadjachthavens binne hiel ferskillend. Bestjoerlike spagetty seit de man fan de Waadhavens, dy't lykwols sels al wat te sizzen hâlde wol. Lykas elk.
En dus is it foarstel fan de ministers Schouten en Van Nieuwenhuizen, ek alwer twa dy't der yn omhaffelje, mei mingde gefoelens ûntfongen troch de triedsjes fan dy spagetty. No is it foarstel ek net sa hiel sterk hear. Twa direkteuren, want twa ministearjes, is twa direkteuren. En in sekretaresse, of miskien ek wol twa. Se ha gjin jild. Kinne dus neat dwaan. Se ha ek gjin foech. Se ha inkeld in moaie titel: Behearsautoriteit Wadden. Neffens gâns organisaasjes soe de namme wêze moatte: in waaksen noas.
Dat hie Lutz op dat terras tsjin my sein. Wittende dat in nije kâns op in jierren en jierren lange winsk foar ien sterke ienriedige bestjoerlike ienheid op en om it Waad wer foarby gien is. En dat alles foar de safolste kear fersânje sil yn einleas geâldehoer oer wa't wat te sizzen hat, want it binne net inkeld oerheden dy't it tsjinhâlde.
Soms tink ik dat diktatuer dochs wol foardielen hat yn dit troch de polder ferrotte lân. Mar dan soe krekt Lutz wer tsjin my sizze dat ik net sa dwers wêze moat. Okee Lutz, do dy sin. Rêd dy mar mei dy Behearsautoriteit Wadden. Mar wit dat dy kontenermannen noch altyd oan de whisky sitte."