Holwert oan See wol mei boeren it sâlter wurden fan de grûn yn kaart bringe

26 jun 2019 - 08:32

Op it lân fan de famylje Miedema-Jensma oan de Grândyk yn Holwert giet woansdei de earste Aqua Pin de grûn yn. Mei dit apparaat kin it sâlter wurden fan de grûn yn en om it projektgebiet fan Holwert oan See goed metten wurde. It is in inisjatyf fan stichting Holwert oan See, dy't gearwurket mei alve boeren, it Wetterskip, de provinsje, LTO Noord, Acacia Water en de natuerbehearders.

Fryske grûn wurdt op termyn hieltyd sâlter

It mjitten fan it sâlter wurden fan de boaiem is ûnderdiel fan it projekt Boeren Meten Water. Dat projekt is bedoeld om it grûnwetter en it sâlter wurden fan de grûn yn en om it projektgebiet fan Holwert oan See yn kaart te bringen. De Aqua Pin kin troch in boer sels yn de grûn setten en ferpleatst wurde.

"De Aqua Pin is in buis dy't je yn de grûn stekke. Dêr sit in oantal sensoaren yn en dy mjitte saken lykas it sâltgehalte en it grûnwetterpeil." De Aqua Pins stjoere ynformaasje troch nei in sintraal digitaal platfoarm, dêr't de data omsetten wurde kin yn foarspellings en advizen.

Marco Verbeek oer de Aquapin

In Aqua Pin - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ek foar de gearwurkingspartners binne de mjittings wichtich. Se jilde as soarte fan nulmjitting, op basis dêrfan kin it definitive ûntwerp foar Holwert oan See opsetten wurde.

De opdiene kennis en ekspertize kin brûkt wurde foar it ûntwerp fan Holwert oan See. Mar ek foar it ferbetterjen fan it wetterbehear en de bedriuwsfiering fan de boeren. It projekt kin tsjinje as in foarbyld foar oare gebieten dêr't de grûn ek sâlter wurdt.

Gearwurking mei boeren

Holwert oan See siket dus ûnder oare de gearwurking mei boeren op. "Wy wolle in gat meitsje yn de dyk en de Waadsee nei binnen lûke. Op it momint dat je dat dwaan wolle, is it wol hiel goed om te sjen wat dat no foar de direkte en gruttere omjouwing betsjut", seit Marco Verbeek fan stichting Holwert oan See.

"Dêrby is it wichtich dat wy goed yn kaart bringe wat de sâltproblematyk op dit stuit is en wat de posysje fan it grûnwetter is, om fan dêr út ek de bêste karren te meitsjen."

De earste Aqua Pin wurdt yn de grûn setten - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De útkomsten fan it projekt sille benammen brûkt wurde foar de oanlis fan Holwert oan See. "Mar ek los dêrfan moatte we sjen wat it sâlter wurden fan de grûn betsjut foar de boeren en dat direkt tapasse by de alve dielnimmende boeren."

De earste Aqua Pin giet woansdeitemoarn de grûn yn. Verbeek ferwachtet dat de earste resultaten fan it ûndersyk ynkoarten bekend wêze sille. "Mar je moatte wol oer in langere perioade sjen hoe't soks him ûntwikkelet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)