Skriuwster Akky van der Veer (75) ferstoarn

26 jun 2019 - 07:19

Skriuwster Akky van der Veer is ôfrûne snein op 75-jierrige leeftiid ferstoarn. Van der Veer publisearre har boeken yn it Frysk. It meast bekend waard se troch har berneboeken, mar se skreau ek romans en foar toaniel. Se wûn yn har karriêre ferskate prizen foar har wurk.

Akky van der Veer waard yn 1943 berne yn Moarrewâld en brocht it grutste part fan har jeugd dêr troch. Se folge de oplieding ta ûnderwizeres oan de Dokkumer kweekskoalle. Dêrneist helle se noch har ûnderwiisfoech foar it Frysk. In pear jier letter gie se oan it wurk op in skoalle yn Snits.

Yn 1973 debutearre Van der Veer mei de roman Read Hier en Reinwetter. Se wûn twa kear de Rely Jorritsmapriis. Yn de jierren 80 skreau se benammen berneboeken. Foar it boek Swart Op Wyt krige se de Simke Kloostermanpriis.

Ynternasjonale erkenning

In oantal fan har wurken smiet ek ynternasjonaal erkenning op. Oant twa kear ta fertsjinne se in earfolle fermelding op de Premio Europeo di Letteratura Giovanile, in Europeeske priis foar berneliteratuur.

(advertinsje)