Algemien oerlis yn de Twadde Keamer oer 'sichtberens fan it Frysk'

26 jun 2019 - 06:00

In bus fol Fryske bewegers is woansdeitemoarn betiid ôfset nei Den Haag om yn de Twadde Keamer in algemien oerlis fan de Keamerkommisje fan Ynlânske Saken oer de bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer mei minister Kajsa Ollongren by te wenjen. De bewegers sille foar it debat aksjefiere op it Plein foar it keamergebou en de kommisje in petysje oanbiede yn de foarm fan in plysje-unifoarm mei it opskrift 'plysje'.

Dit plysje-uniform wurdt woansdei oanbean oan de keamerkommisje - Foto: Omrop Fryslân

De Ried fan de Fryske Beweging is bliid dat der - foar it earst sûnt 2013 - yn de Twadde Keamer wer ris omtinken is foar it Frysk. Geart Benedictus fan de Fryske Beweging soe graach sjen dat der geregeld oer it Frysk praat wurdt yn Den Haag. It ryk hat ommers, mei de provinsje, soarchplicht foar it Frysk, sa is syn redenaasje.

Ryk sjit tekoart

It algemien oerlis yn de Twadde Keamer is in direkt gefolch fan de petysje dy't de Fryske Beweging yn desimber yn de Twadde Keamer oanbean hat. De Fryske Beweging fynt dat it ferline jier sletten Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK) op in pear punten slim tekoartsjit.

It is mei sizzen net te dwaan

De Ried is fan betinken dat de ûnderwiisynspeksje wurk meitsje moat fan it tafersjoch op Frysk op skoalle. Ek soe de Ried graach sjen dat it ryk it Frysk net allinnich mei 'moaie wurden' stipet, mar ek mei dieden troch rykstsjinsten yn Fryslân de taal brûke te litten op gebouwen, auto's en unifoarmen.

Drintsk Keamerlid wol opheldering

De klachten en it 'skaad-bestjoersakkoart' dat de Fryske Beweging makke hat, binne oanlieding foar de Twadde Keamer om minister Ollongren om opheldering te freegjen. "Als de minister zegt dat de bestuursafspraak de problemen oplost, maar dat volgens de Friezen niet zo is, dan wil ik weten hoe dat zit", sei it Drintse keamerlid Erik Ziengs yn desimber.

Wurk meitje fan sichtberens Frysk, mar hoe?

Foarôfgeand oan it debat hat minister Ollongren de Twadde Keamer in nije rapportaazje stjoerd oer it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Yn dy rapportaazje skriuwt ek de minister dat se wurk meitsje wol fan de sichterens fan it Frysk. Mar yn it rapport stiet net hoe't se dat krekt dwaan sil en wannear.

Foar it oare is de minister fan betinken dat taalbelied yn it foarste plak de ferantwurdlikheid is fan de provinsje Fryslân en fan 'taalskipper' Sietske Poepjes. Deputearre Poepjes sil it debat woansdei bywenje.

Wurd 'plysje' op auto's en unifoarmen

De provinsje hat de ferskate Keamerfraksjes yn 't foar in struibrief takomme litten mei ferskate winsken. De provinsje stipet dêryn de lobby fan Fryske organisaasjes foar in Frysk plysje-unifoarm. De provinsje wol dat it ryk serieus ûndersyk docht nei de mooglikheid om njonken politie ek it wurd 'plysje' in plak te jaan op plysje-unifoarmen en op plysje-auto's.

Dêrnjonken moat de mooglikheid om by de rjochtbank Frysk te brûken mear fanselssprekkend wurde, ek as in saak bûten Fryslân tsjinnet.

Geart Benedictus fan de Fryske Beweging

Op de website It Nijs fan de Ried fan de Fryske Beweging stiet in tige krityske skôging oer de nije rapportaazje fan minister Ollongren oer it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen. "In seldsum gaoatysk stik, dat opfalt troch brike sinnen en in ûntheisterjend grut tal staveringsflaters", sa skriuwt de taalkundige Henk Wolf yn syn resinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)