Tal katûlen nimt ta: 60 briedpearen yn Fryslân, wylst oars lanlik 20

In ynvaazje fan fjildmûzen yn Fryslân is in seine foar de seldsume en bedrige katûle. Der binne dit jier al sechstich briedende pearkes yn de Fryske greide teld. Oars binne dat der likernôch tweinich yn hiel Nederlân.
© Wikimedia Commons
Sovon Vogelonderzoek Nederland meldt dat dat troch de waarme, drûge hjerst en de mylde winter komt dat der safolle fjildmûzen binne. De katûlen ite de fjildmûzen op en hawwe it gebiet tusken De Lemmer, Snits, Ljouwert en Dokkum ûntdutsen.
De ûlen meitsje harren nêsten yn it gers. Boeren krije in fergoeding om it gers om it nêst hinne net te meanen. Sovon ringet de jonge ûlen foar wittenskiplik ûndersyk.