Wjelsryp, Stiens en Grou troch nei earste omloop IFK Jeu de Pelote

De partoeren fan Wjelsryp, Stiens en Grou binne troch nei de earste omloop fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Sy wûnen tiisdeitejûn harren foarrondepartijen op It Plein yn Easterlittens. Moandei slagge it de partoeren fan Menaam, Winsum en Wommels ek al om troch te gean nei de earste omloop.
© Henk Bootsma
De earste wedstriid dy tiisdeitejûn op it program stie, wie de wedstriid tusken Weidum en Wjelsryp. De partij is lykwols net ferkeatst, omdat Weidum him weromluts.
De twadde wedstriid fan de jûn, en dus de earste wedstriid dy ferkeatst waard, wie dy tusken Stiens en Reduzum. It wie in spannende partij, wêrby't Stiens úteinlik oan de langste ein luts mei 6-5. Yn de earste omloop nimt Stiens it op tsjin Wommels.
Ek de partij tusken Grou en Easterein wie net samar klear. Beide partijen wisten aardich wat punten te skoaren, mar it wie Grou dy't mei 6-5 wûn en dêrmei in plak yn de earste omloop wist te bemachtigjen.

Tredde dei

Woansdei gean de foarrondes fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelôte wer fierder. Om 18.30 oere set de earste partij tusken Mantgum en Burchwert útein. Dêrnei folgje de partijen tusken Bitgum en Lollum/Waaksens en Wiuwert/Britswert en Baard.