Feriening foar melkfeehâlders: '1 miljard is net kostendekkend'

25 jun 2019 - 22:34

"Dat der in hiel soad jild frijkomt foar de lânbou kinne wy mei in kerreltsje sâlt nimme, want de kosten lizze nochal wat heger." Dat seit Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairymen Board, de feriening fan melkfeehâlders yn reaksje op it nijs dat tiisdei foartidich nei bûten kaam.

Foarbyldfoto fan in buorkerij - Foto: Shutterstock.com

It kabinet lûkt de kommende tsien jier in miljard euro ekstra út foar de lân- en túnbou om de klimaatdoelen te heljen. It jild is ûnder oare bedoeld foar it ferheegjen en behearen fan it wetterpeil yn feangreidegebieten, help by it oerskeakeljen nei in mileufreonliker produksje en it helpen fan boeren dy't ophâlde wolle mei it boerebedriuw. De plannen binne tiisdei troch de Telegraaf en it AD nei bûten brocht. Se wurde freed offisjeel presintearre.

CO2-reduksje kostet de boeresektor 1 à 2 miljard. Dan komme wy mei in bedrach fan 1 miljard noch wol wat jild tekoart.

Sieta fan Keimpema

Van Keimpema wiist op in rapport fan it 'Planbureau voor de leefomgeving' fan in pear moannen ferlyn. Dêr stie yn dat it de lanbou oant it jier 2030 ta 1 à 2 miljard kostet wat de co2-reduksje oanbelanget. "Dus dan komme wy mei in bedrach fan 1 miljard noch wol wat jild tekoart."

"Der moat in goed fertsjinmodel foar de boeren ûnder lizze, oars dogge se it net. Oant no ta hawwe wy moaie plannen heard, mar komt der net folle fan, ast nei it ynkommen fan de boeren sjochst."

De nijste kabinetsplannen reppe ek oer help foar boeren dy't ophâlden wolle,. "Mar dat giet allinnich oer bargehâlders en dêr wiene se al mei dwaande", reagearret Van Keimpema.

Opkeapregeling

"Wy hawwe al in pear kear foarsteld - ek mei it each op de fosfaatreduksje - dat der foar boeren dy't gjin opfolger hawwe en dy't har nocht hawwe fan dit perpektyfleaze lânboubelied in opkeapregeling komt. En dan wol sa dat sy harren âldedei derút finansiere kinne. It moat oantreklik wêze om op te hâlden, oars kinne boeren dat net dwaan. Want se sitte mei hiel hege finansieringskosten."

Dit miljard foar de lân- en túnbou is ien fan de bedraggen dy't neamd wurde yn in pakket fan maatregels om de klimaatdoelen te heljen. Kin de lanbou wol in duorsume sektor wurde, is de fraach.

Van Keimpema: "De lânbou is de lêste jierren goed oan de gong. Sa is it enerzjygebrûk folle minder wurden. De doelen fan metaan en gniisgas fan 2020 binne yn it jier 2013 al helle, de ammoniak-útstjit is de helte minder wurden. Dy doelen hiene wy ek al fier foar it jier 2030 helle. Wy prestearje hiel goed, ek neffens de ôfspraken. Mar as wy it dan helle hawwe yn de ôfprate tiid, sizze minsken it út de yndustry oan de klimaattafel 'It kin noch wol wat mear'. Dus de boeren dogge har bêst en wat se krije is dat se ôfstraft wurde ta geunste fan enerjzybedriuwen dy't allinnich mar mear co2 produsearje. "

Sieta van Keimpema

(Advertinsje)
(Advertinsje)